Frysk as it heal kin Taalbeleid yn De Fryske Marren 2016 1 Ynlieding en oanlieding Yn it kolleezjeprogram is it opstellen fan in notysje Frysk Taalbelied fêstlein. De Fryske taal is yn de Fryske kultuer in tige wichtich, faaks it meast wichtige elemint. Wy fine it belangryk dat it Frysk ek op ‘e lange doer noch in libbene taal is dy’t troch ús ynwenners sprutsen wurdt en troch ús as oerheid yn ús kommunikaasje brûkt wurdt. De nije Wet Gebrûk Fryske Taal skriuwt foar dat Fryske gemeenten in taalbelied fêststelle. Dizze nije wet is op 1 jannewaris 2014 fan krêft wurden. Yn de wet is de offisjele status fan it Frysk as twadde rykstaal fêstlein en wurdt oanjûn dat ynwenners fan Fryslân har taal yn it offisjele ferkear mei de oerheden en yn it rjochtsferkear yn ús provinsje brûke kinne. By it gearstallen fan dizze notysje binne in tal eksterne organisaasjes belutsen, dy ‘t útfiering jouwe oan Frysk taalbelied, lyk as it ûnderwiis, de pjutteboartersplakken, de berne-opfang, de bibleteek, de soarch en oare ynstellings. Yn in wurkgearkomste hawwe dizze organisaasjes middels in diskusje oer stellingen har fisy kenber meitsje kinnen. De opbringst fan dizze gearkomste is yn dit konsept ferwurke. Kearn fan it boadskip dat de organisaasjes meijûn hawwe, is: Gemeenterie, meitsje in kar en jou prioriteit oan it jonge bern. Fersnipperje de krappe middels net oer tefolle saken. In ynterne wurkgroep hat ynput jûn oan it haadstik oer hoe ‘t wy as gemeente omgean mei it Frysk. Wy hawwe in enkête ûnder ús meiwurkers hâlden om te hifkjen hoe’t it mei it brûken fan it Frysk steld is. De wurkgroep hat de konsept-nota besprutsen foar’t dizze oan ús kolleezje foarlein is. Yn it ramt fan it Bestjoersakkoart mei de Provinsje is fêstlein watfoar ûnderwerpen yn de notysje oan bar komme moatte. De ûnderwerpen binne yn de ferskate haadstikken werom te finen, wêrby’t de hjoeddeiske sitewaasje yn kaart brocht is, mar ek oare mooglikheden beskreaun binne. De Provinsje hat yn it foartrajekt har opmerkings op in earste konseptfersy oan ús witte litten. Wy hawwe dat kommentaar sa folle as mooglik yn dizze nota ferwurke. Kieze Oan de ein fan elk haadstik binne oanbefellings formulearre. Derby is oanjûn hokker kar de Rie meitsje kin en wat, foar safier mooglik, de finansjele konsekwinsjes binne. De mooglike karfarianten binne: “Basis”. Dit binne aktiviteiten dy’t wetlik fêstlein binne, of wêr’t langjierrige ôfspraken oer makke binne. Foar dizze oanbefellings is budzjet yn de begrutting beskikber. Gjin of hiel beheinde karmooglikheid. “Plus”. Dit binne aktiviteiten werfoar op ynhâldlike grûnen in kar makke wurde kin en werfoar yn besteande begruttingsposten budzjet beskikber is. “Plus/Plus”. Dit binne ynhâldlik sjoen fierdergeande mooglikheden dêr ‘t gjin jild foar beskikber is. Wer mooglik is in rûge skatting makke fan de kosten. Kiest de Rie foar dizze opsjes, dan sil de Rie derfoar finansjele romte jaan moatte. In útruil tusken ‘plus’en ‘plus/plus’ is inkel mooglik binnen de fêststelde begrutting of troch in begruttingswiziging. Wy kieze foar de plusfariant, werby’t de plusfariant boppe de basisfariant giet. We ha it konsept fan dizze beliedsnotysje fêststeld op d.d. 17 febrewaris 2015, wernei ynwenners en organisaasjes yn de gelegenheid west ha in reaksje te jaan. De reaksjes binne yn in reaksjenota oan ús foarlein en foar safier nedich yn de notysje ferwurke. Nei in beheinde aktualisearing wurdt de nota no oan de gemeenterie foarlein. 2 Wat is ús fisy, hoe sjogge wy it plak fan it Frysk yn ús mienskip ek op lange termyn? De Fryske Marren is in oantreklike gemeente mei in grut ferskaat oan romtlike, ekonomyske, kulturele- en sosjaal-maatskiplike kwaliteiten. Ús stêd en doarpen binne leefbere mienskippen wêr’t ferienings har oppenearje yn de sport, de muzyk, toaniel en oare saken. Taal is derby it wichtichste kommunikaasjemiddel. Sûnder taal gjin kommunikaasje en gjin kultuer. De Fryske taal is, om’t in grut part fan ús ynwenners Frysk praat, in belangryk skaaimerk fan De Fryske Marren. Wy wolle ús ferienings, ynwenners en doarpen oantrune om sels mei inisjativen en projekten te kommen dy’t it brûken fan it Frysk stimuleare. Net de gemeente moat dêr it foartou yn nimme, de inisjativen moatte foaral fan ûnderop komme. Dat is ek yn oerienstimming mei hoe’t wy as gemeente omgean wolle mei ús doarpen en ús ynwenners. De gemeente as gearwurkingspartner en net as ‘regeljende’ oerheid. 3 Wetlike kaders en de rânebetingsten Foar Frysk taalbelied binne de folgjende wetlike kaders fan tapassing. 3.1 Europeesk Hânfêst. It taalbelied hat grûn yn it Europeesk Hânfêst foar Regionale Talen en Talen fan Minderheden. Dit hânfêst is troch ús regear ûnderskreaun en op 1 maart 1998 yngongen. Benammen yn kêst 7 steane de doelstellings fan it Hânfêst, sa as: it oantrúnen fan it gebrûk fan de taal yn it deistich en bestjoerlik ferkear, it ferskaffen fan mooglikheden oan ynwenners de taal te learen en it beskermjen fan de taal yn sitewaasjes wêryn dat nedich is. Der binne yn it Hânfêst 7 domeinen oanwiisd wêr ’t wy oandacht oan jaan moatte: bestjoer, ûnderwiis, kultuer, media, bedriuwslibben, sosjaal-kultureel wurk en sûnenssoarch. Der stiet in grut part maatregels yn oangeande it ûnderwiis. Dêrta hawwe it Ministearje fan Ûnderwiis en de Provinsje it foech. Wy komme hjir letter op werom. 3.2 Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2013-2018 Op 22 april 2013 hat de Minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes tegearre mei deputearre fan de provinsje Fryslân, de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) tekene. Yn ‘e bestjoersôfspraak steane foar de kommende fiif jier ôfspraken dy’t de Fryske taal en kultuer befoarderje op it mêd fan ûnderwiis, media en kultuer. De BFTK is in útwurking fan ferdrachsferplichtings foar de Fryske taal en kultuer oer: it Europeesk hânfêst foar regionale talen en talen fan minderheden en it Ramtferdrach beskerming fan nasjonale minderheden. It wurdt om de safolle tiid opsteld en leit de mienskiplike ferantwurdlikens fan Ryk en Provinsje foar de Fryske taal en kultuer fêst. De BFTK soarget tegearre mei de Wet Gebrûk Fryske Taal foar in stevige ferankering fan de Fryske taal en kultuer yn de kommende jierren. Dat bringt ek ferplichtings foar de gemeente mei. 3.3 Bestjoersakkoart mei de Provinsje. Foar de weryndieling fan Gaasterlân-Sleat, Lemsterland en Skarsterlân is mei de Provinsje in bestjoersoerienkomst sletten. Ek de gemeenten Ljouwert, it Hearrenfean, Súdwest- Fryslân en Boarnsterhim wienen by dit akkoart belutsen. Yn it bestjoersakkoart hawwe de gemeenten útsprutsen dat de (nije) gemeente de Fryske kultuer en identiteit, wer ’t de Fryske taal drager fan is, koesterje wol en dat de gemeente in ambisjeus taalbelied fiere wol, sadanich dat op dat mêd ús ynwenners der net op efterút gean. Provinsje en Gemeenten kinne proefprojekten opstelle, dy ‘t de posysje fan it Frysk ferbetterje. Oare gemeenten kinne fan dizze proefprojekten profitearje en sa kin ek ús gemeente fan oare gemeenten profitearje. In 2016 hifkje Provinsje en gemeenten de resultaten fan dizze ôfspraken. Yn it ramt fan de nota “Grinzen Oer” kin de provinsje de nije gemeente finansjeel en troch amtlike ynset en advys temjitte komme en dêrmei bijdrage oan de realisaasje fan de ambysjes. 3.4 Wet Gebrûk Fryske Taal Wat foarhinne yn de “Algemene Wet Bestuursrecht” fêstlein wie, stiet no yn de nije wet Gebrûk Fryske Taal. De nije wet is lykwols rommer kwa berik en regelt it rjocht fan ynwenners fan de provinsje Fryslân oangeande it brûken fan it Frysk yn har kontakten mei de oerheid en rjochtspraak. Fierder is ek it ynstellen en de opdracht fan it Orgaan foar de Fryske Taal yn de wet fêstlein. Dit Orgaan hat benammen taken op it mêd fan it advisearen en rapportearjen oangeande it beskermjen en fersterkjen fan it Frysk. De nije wet skerpet de regels oan foar it gebrûk fan it Frysk troch de desintrale oerheden, de gemeenten yn Fryslân. Gemeenten hawwe de opdracht in beliedsstik foar it Frysk op te stellen en regels foar it brûken fan it Frysk yn it offisjele skriftlike en mûnlinge ferkear. Dit Orgaan sjocht der op ta dat gemeenten oan dizze ferplichtings foldogge en rapportearret oan it Ministearje fan “Ynlanske Saken” en de Raad van Europa. 3.5 Harmonisaasje fan belied Nei in fúzje fan gemeenten moat it belied op ferskate mêden fan belied lyklutsen wurde. Dat jildt ek foar it Frysk Taalbelied. Op grûn fan it saneamde menusysteem binne de ferskillen tusken de fjouwer gemeenten yn 2012 oan de rieden foarlein. Doe waard konstatearre dat der mar in bytsje ferskil wie. Wêr’t dat oan de oarder wie, is oan de ferskillen yn dizze notysje oandacht jûn. Mei it fêststellen fan dizze nota troch de gemeente rie is it Frysk taalbelied foar De Fryske Marren harmonisearre. 3.6 Finânsjes en personiele kapasiteit Hoewol it befoarderjen fan de Fryske taal in wetlike ferankering hat, hat de rie yn it ramt fan de ‘zero-base’ diskusje lykwols besluten op it budzjet foar Fryske taal en kultuer te koartsjen. De middels binne werom brocht fan rûchwei € 15.000,- nei € 5.100,- (€ 0,10 de ynwenner). Dit hâldt yn, dat er minder budzjet is foar subsydzjes. De organisaasjes dy’t dêrtroch rekke binne, binne dêrfan op ‘e hichte brocht. Wêr mooglik sille wy gebrûk meitsje fan oare boarnen lykas de Gebietsaginda en Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 om dochs projekten út te fieren. Ek de provinsje hat yn it ramt fan Grinzen oer, middels om projekten yn gemeenten te stypjen. Kwa ynset fan personiel is der krapoan 0,1 fte beskikber. Dat is genôch foar it ‘behear’ fan it taalbelied, mar net foar it ûntwikkeljen fan projekten en inisjativen. Dy sille foaral út de ferienings en de doarpen komme moatte. Der sil lykwols wol ynset frege wurde foar koördinaasje fan út de gemeente. 4. It gebrûk fan it Frysk yn it deistich libben yn De Fryske Marren en yn de gemeentlike organisaasje. 4.1 De Fryske Marren As we sjogge hoe’t it mei it Frysk yn ús Provinsje en yn De Fryske Marren stiet , dan blykt dat 85 % fan alle ynwenners fan Fryslân it Frysk ferstiet, yn De Fryske Marren is dat mear as 90 %. Yn de provinsje praat 64% fan de ynwenners Frysk, yn De Fryske Marren is dat mear as 70 %. Ek wat Frysk lêze betreft leit it gemiddelde yn De Fryske Marren wat heger as it provinsjale gemiddelde. Frysk skriuwe kin amper 12% fan de Friezen en dat is yn De Fryske Marren net folle oars. Frysk lêze en skriuwe kin de âlderein (65-+) better as de jongere leeftiidsgroepen. De Fryske taalatlas 2011, 2015 Gaasterlân-Sl Lemsterland Skarsterlân Boarnsterhim DFM 2015 Frl gem. 2011 Frl gem. 2015 Frysk ferstean 90 - 100 % 80 - 90 % 90-100 % 90-100 % 80-90 % 84,6% 85,1% Frysk prate 70-80 60-70 80-90 70-80 70-80 64% 66,6 Frysk lêze 50-60 40-50 50-60 60-70 50-60 48,6% 51,8 Frysk skriuwe 10 t 20 0 - 10 10 t 20 20-30 10 t 20 12,1% 14,5 Frysk memmetaal 70 - 80 50 - 60 60 - 70 60-70 60-70 53,6% 55,3 4.2 Enkête ûnder meiwurkers De Fryske Marren Yn 2014 is in enkête hâlden ûnder de meiwurkers fan de gemeente. De respons op de enkête wie goed, sa’n 42 % hat dizze ynfuld. Út de enkête docht bliken dat fan de respondinten 94 % it Frysk ferstiet en 69 % praat de taal ek. Frysk lêze giet 47% goed ôf, it skriuwen behearsket 32 % (reedlik, goed, treflik). Der is by 36 % fan de meiwurkers dy’t de enkête ynfuld hawwe, reewilligens om frijwillich it skriuwen (better) te learen. Yn de deistige omgong praat men faak Frysk. It Frysk libbet dus yn ús organisaasje. De resultaten jouwe oanlieding ta neiere stúdzje by de útwurking fan it belied yn konkrete útstellen. Foar de oare fragen út de enkête, sjoch taheakke: 1 Frysk yn de organisaasje fan De Fryske Marren: enkête oer hoe de meiwurkers omgean mei it Frysk, juny 2014. N = 216, respons 42% Ek de belangstelling foar it folgjen fan in kursus Frysk is yn de enkête hifke. Tabel: 2 Belangstelling foar in kursus Frysk Ôfdieling graach miskien gjin Bedriuwsfiering 14 17 29 Publykssaken 3 13 13 Romtlike ûntjouwing 4 17 5 Romtlik behear 11 15 20 Mienskip 8 10 13 Staf/direksje/griffy 1 0 4 FFH 4 10 5 45 82 89 216 In behoeftepeiling ûnder de meiwurkers hat ta risseltaat hân, dat 66 meiwurkers har opjûn ha foar in Opfryskkursus, Praat mar Frysk of Skriuw mar Frysk. Dizze kursussen ha yn 2016 plakfûn. De dielnimmers wiene entûsjast. Fan Skriuw mar Frysk sil ek module 2 noch oanbean wurde, ôf te sluten mei in eksamen. Sawol Provinsje as Gemeente wol har ynsette foar de Fryske taal, sadat it ek yn de fierdere takomst noch jimmer praat en ferstien wurdt. Dat is net allinnich ús opdracht fan út it wetlik ramt, mar ek fan út ús hert: it Frysk is en bliuwt de taal wêryn it grutste part fan ús ynwenners har utert. Dêrby jildt foaral jong leard, âld dien. Foar ús kommunikaasje nei de ynwenners jildt: Al wa’t wend is Frysk te sprekken, hoecht him hjir net te ferbrekken. 5. Frysk yn de gemeentlike organisaasje, gemeentlike foarsjennings en de iepenbiere romte 5.1 Organisaasje Yn de gemeentlike organisaasje hawwe it Frysk en it Nederlânsk in lykweardige posysje. Yn de mûnlinge kommunikaasje funksjonearje beide talen sûnder swierrichheden njonken inoar. De realiteit bliuwt lykwols dat it Nederlânsk as earste rykstaal in dominante posysje ynnimt oangeande it Frysk as minderheidstaal. Op dit stuit ferrint de skriftlike kommunikaasje sawat alhiel yn it Nederlânsk. Foar kommunikaasje mei ynwenners en organisaasjes jildt in ‘folgjend’ taalbelied. De gemeente fynt it belangryk om boargers op in persoanlike wize fan tsjinst te wêzen. Hjirby is it fan belang dat ynwenners harren frij fiele de meiwurkers yn har memmetaal, Nederlânsk of Frysk, oan te sprekken. Leafst moatte se yn dy selde taal te wurd stien wurde. Wy fine it wichtich dat er in positive hâlding tsjinoer it Frysk kreëarre wurdt. De risseltaten fan de enkête binne hjirby bemoedigjend. It Klante Kontakt Sintrum (KCC) nimt de tillefoan steefêst yn it Nederlânsk op. Dat is yn it begjin fan de fúzje sa ôfpraat. As de klant lykwols Frysk praat, dan kin de meiwurker yn it Frysk antwurd jaan. It kin ek oarsom: as de KCC-meiwurker de romte krijt om yn it Frysk de tillefoan op te nimmen sil it petear yn it Frysk plak fine, útsein dan wannear de klant oanjout gjin Frysk te ferstean. Dan wurdt fanselssprekkend oerskeakele nei it Nederlânsk. Griffy en organisaasje ûntfange jierliks 5 oant 10 offisjele brieven dy’t yn it Frysk skreaun binne: allinnich ynstânsjes lykas de Provinsje, inkele Fryske gemeenten, de Afûk, in inkele kulturele ynstelling en sa no en dan in ynwenner stjoere ús in brief of e-mail yn it Frysk. Oant no ta stjoere we gauris in brief of e-mail yn it Nederlânsk werom . Dat kin oars. Der binne yn ús organisaasje frijwat amtners dy ‘t wol Frysk skriuwe kinne, der moat fan profitearre wurde. It beskikber stellen fan de staveringshifker kin der behelpsum by wêze. By it (sluten)(foltrekken) fan in houlik of in partnerregistraasje is it oan it pear om in kar te meitsjen yn hokker taal dat plak fynt. De Bysûndere Ambtners Boargerlike Stân hawwe de akte sawol yn it Nederlânsk as yn it Frysk beskikber en taspraken kinne yn beide talen hâlden wurde. Dêr binne foarbylden foar beskikber. Beliedsstikken en notysjes oan it kolleezje wurde standert yn it Nederlânsk skreaun. Ek de parseberjochten geane yn it Nederlânsk nei bûten. Yn Skarsterlân wie it fêstlein dat beliedsnota’s en notysjes foar it kolleezje yn it Frysk skreaun wurde mochten. Der wie lykwols gjin prestaasje-ôfspraak oer makke. Yn De Fryske Marren bliuwt it mooglik om beliedsstikken yn it Frysk oan te leverjen. Ús webside is alhiel Nederlânsktalich. Dat is dien út it eachpunt fan tsjinstferliening. Elke ynwenner kin dan de ynformaasje ta him nimme. Ynformaasje oer de Fryske Kultuer, it brûken fan it Frysk en Frysk taalbelied yn syn algemienens moat lykwols in sichtber plak krije op ús (gemeentlike) webside. Mei “banners” en oare “pop-ups” kin it Frysk nei foaren brocht wurde. It pompebledsje, it “tútsje fan Doutzen” kinne dêr foar brûkt wurde. Yn de gemeenterie (en yn kommisjegearkomsten) wurdt sawol Frysk as Nederlânsk praat. De ferslaggen fine plak troch beslutelistkes. De gearkomsten wurde ‘live’ útstjoerd en opnommen, wêrtroch elke ynteressearre ynwenner der kennis fan nimme kin. 5.2 Sichtber meitsje No’t de gemeenterie besluten hat dat ús gemeente fanôf july 2015 de namme De Fryske Marren hawwe sil, sil dat ek sichtber makke wurde. Plaknammebuorden De Fryske gemeentenamme komt op de plaknammebuorden. Tagelyk sil dan ek in kar makke wurde moatte oer hoe ’t de plaknammebuorden ynrjochte wurde. Dêrby binne der 6 mooglikheden: allinnich Fryske plaknammen (lykas Boarnsterhim; Terherne) de Fryske namme boppe en de Nederlânske namme ûnder (lykas Gaasterlân-Sleat) de Nederlânske namme boppe en de Fryske ûnder (lykas Skarsterlân) allinnich de Nederlânske namme (lykas Lemsterlân). Trochgean lykas it no is, mei allinnich de nije namme fan de gemeente ûnder de plaknamme. Doarpen sels ien kear de kar jaan oan te jaan hoe’t se it ha wolle. Soenen wy rjocht dwaan oan it útgongspunt dat by in gemeentlike fúzje de posysje fan it Frysk der net op efterút gean mei, dan soe dat betsjutte kinne dat we kieze foar it model Boarnsterhim. Dat sil ynhâlde dat er dan ek in offisjele plaknammewiziging foar alle wenplakken oanfrege wurde moat. Soks hat hiel wat fuotten yn de ierde. Boppedat sil dat droegen wurde moatte troch ús ynwenners. Mear rjocht oan de taalsituaasje yn ús gemeente dogge fariant 2 of 3, wêrby fariant 2 mear past by de Fryske namme fan ús gemeente. Fariant 3 past mear by it feit dat de plaknammen offisjeel Nederlânsk binne. Terherne hat in offisjele Fryske namme en dat bliuwt sa. Der komt dan ek gjin Nederlânske oersetting fan. Foar fariant 5 kieze betsjut dat we kieze foar hanthavenjen fan it besteande: inkeld de namme fan de gemeente feroaret, de plaknamme bliuwt sa ‘t is. Dit jout nei alle gedachten de minste opskuor by de ynwenners en hat as foardiel dat it Frysk (en ús ynwenners) der net op efterút giet. Hjir is dan fan de fanút effisjinsje nei te stribjen gelikensens gjin sprake. By fariant 6 jouwe wy romte oan ús ynwenners om sels foar iens en altyd oan te jaan hoe’t se it ha wolle. Dizze fariant kostet in protte, om’t er yn alle doarpen offisjeel rieplachte wurde moat, mei in mooglike offisjele plaknammewiziging fan gefolgen. It yn ien kear ferfangen fan alle kombuorden kostet rûchwei € 60.000,- Oar gebrûk fan it Frysk Yn útwreidingsplannen fan ús doarpen wurde foar nije strjitten Frysktalige nammen keazen, útsein wêr’t it op histoaryske grûnen net past. Is der yn it ferline yn in útbreidingsplan al keazen foar Nederlânsktalige strjitnammen, dan wurdt dat sa trochsetten. Provinsjale Steaten hawwe yn 2006 Frysktalige nammen fêststeld foar de marren, fearten en oare wetters yn Fryslân. Moai foarbyld fan Frysk yn ús gebouwen, is de oanklaaiïng fan Woudstate , mei de tafels (Fryske Marren), de teksten op de muorren, de nammenjouwing fan de sprekkeamers. Dy ynstek is ek op Herema State ynset, mei de nammejouwing fan de gearkomsteromten. Bestjoerders en meiwurkers dy ‘t de gemeente fertsjintwurdigje en de gemeente foar it fuotljocht bringe jouwe in Frysk tintsje oan it aardichheidsje dat fuortjûn wurdt. Oanbefellings 5.1: Organisaasje Basis: Fan al ús (fêste) meiwurkers mei ferwachte wurde dat sy it Frysk ferstean. By fakatueres wurdt dêrom by de “werving en seleksje” oanjûn, dat it ferstean fan it Frysk needsaaklik is. Wa’t dat net kin moat ree wêze dat sa gau as mooglik te learen. De staveringshifker wurdt beskikber steld op alle wurkplakken. Om it brûken fan it Frysk yn de organisaasje te befoarderjen kinne meiwurkers yn wurktiid en op kosten fan de wurkjouwer op basis fan frijwilligens kursussen folgje om (better) Frysk prate, lêze en skriuwe te kinnen. De kosten wurde betelle út reguliere opliedingsbudzjetten. It buordsje “Praat mar Frysk” krijt by de Resepsje in opfallend plak, sadat it foar besikers dúdlik is dat sy Frysk prate kinne. Dit jildt ek foar de servicepunten op De Lemmer en yn Balk. Houliken kinne sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk sletten wurde. De Bysûndere Amtners fan de Boargerlike Stân binne dêr op tarêd, de akten kinne yn beide talen beskikber steld wurde. Plus: Wy fiere folgjend taalbelied. Om brieven en e-mails dy’t yn it Frysk steld binne, beäntwurdzje te kinnen, wurde op de ôfdielings de meiwurkers dy’t it Frysk goed behearskje, yn kaart brocht. As hja dat wolle, kinne se “ambassadeur” foar it Frysk wurde en de kollega’s behelpsum wêze by it skriuwen fan in Frysktalige brief, wêr’t dat frege wurdt. Se krije der fasiliteiten foar. Beliedsnota’s en kolleezje-advizen kinne yn it Frysk opsteld wurde. Op ús webside komt ûnder de knop bestjoer en organisaasje in haadstik oer it brûken fan it Frysk.De gemeentlike organisaasje draacht soarch dat hja by sosjale media it Frysk brûke wêr it kin. De ynstruksje oan de KCC- meiwurkers wurdt sadanich ferromme, dat de meiwurkers ek yn it Frysk de telefoan opnimme kinne. Dêrnei is, binnen de mooglikheden fan de KCC-meiwurker, de taal fan de klant liedend. Yn parsekontakten wurdt, as it heal kin, it Frysk brûkt. Plus/Plus Wurdt op ynspraakjûnen of oare publyksbyienkomsten Frysk praat, dan wurdt dat ek yn it Frysk fêstlein. Ús webside kriget in folslein twatalich karakter, lykas Littenseradiel. Kosten struktureel rûchwei € 15.000,- ekskl. BTW Parseberjochten wurde twatalich nei bûten brocht. Wy kieze foar de plusfariant, dus ynklusyf de basisfariant, omdat dizze realisearber binne yn ús organisaasje. De plus/plus fariant giet ús, mei om de kostenaspekten, te fier. Oanbefellings 5.2 Sichtber meitsje Basis Kieze foar plaknammebuorden wêr’t allinnich de gemeentenamme feroare wurdt. Plus Wy kieze foar twatalige plaknamme buorden, wêrby de Fryske namme boppe de Nederlânske namme stiet. De beide nammen binne gelikens fan grutte.Terherne bliuwt Terherne.Dit wurdt útfierd as de buorden ferfongen wurde moatte. Nije strjitten, oare geografyske úteringen en gemeentelike gebouwen krije in Fryske namme, útsein dêr’t it op grûn fan in beslút út it ferline net past. Is ien kear de kar makke yn in útwreidingsgebiet of in bedriuwsterrein, dan wurdt dy kar oanhâlden. Represintaasje krijt in Frysk tintsje. Yn de gemeente wurde 100% fan alle reklame/boubuorden (yn eigendom fan de gemeente)yn it Frysk skreun, mei yn acht nimmen fan de feiligens. Yn de gemeente wurde alle Ynformaasjebuorden (yn eigendom fan de gemeente) dûbbeldtallich. Dit giet mei yn de reguliere ferfangingssyklus. Plus/plus Besteande Nederlânsktalige geografyske uteringen fan gemeentlik eigendom krije in Fryske namme. Wy kieze foar de plusfariant. In keuze foar de plus/plusfariant docht gjin rjocht oan de plurifoarme gearstalling fan ús befolking. 6 Frysk yn de mienskip 6.1 Meartaligens yn it ûnderwiis, it pjutteboartersplak en de berne-opfang De âlders binne ferantwurdlik foar it grut bringen fan har bern. Sy bepale ek de taal wêryn dat plak fynt. Yn Fryslân praat minder dan de helte fan de âlders Frysk mei har bern (48 %), wylst wat mear as de helte Frysk as memmetaal hat (54%) . De kar foar hokfoar taal yn ’e hûs praat wurdt, bepaalt mei it taalgebrûk yn ’e berne-opfang en it pjutteboartersplak. It is wichtich dat âlders har bewust binne fan de foardielen dy’t meartaligens hat, net allinnich foar Frysktalige bern, mar ek foar Nederlânsktalige bern. De Jeugd Gezondheidszorg (it Konsultaasjeburo), hat it earste kontakt mei jonge âlders. It kin der, as adviseur op it mêd fan it opgroeien en de ûntwikkeling fan bern, in stimulearjende rol yn spylje. Provinsje en gemeenten drage hjiroan by troch aan jonge âlders “ it taaltaske”, it rêchsekje mei Fryske (foarlês-)boekjes oan te bieden. De tiid op skoalle, fan pjutteboartersplak oant en mei it fuortset ûnderwiis, en it beropsûnderwiis rist de learling ta op in plak yn de maatskippij. Twa- of meartaligens is derby in pree, it draacht by oan de yntellektuele ûntwikkeling, it makket dat bern mear taalgefoel hawwe en it stimulearret de sosjale ûntwikkeling fan it bern. It kolleezje wol derom meartalighied as beliedslyne hantearre. a. Pjutte-opfang en Frysk Yn de pjutteboartersplakken en de berne-opfang yn ús gemeente, wurdt it Frysk op ferskate wizen brûkt. By de Stichting Peuterspeelzalen Gaasterlân-Sleat wurdt taalbelied fierd. Mei de pjutten wurdt troch de fêste lieding Frysk of Nederlânsk praat. De juf dy’t steefêst Frysk praat, lêst in Frysk ferhaaltsje foar, de bern leare Fryske sankjes, troch in feste metoade. De Nederlânske juf docht dat yn it Nederlânsk. Bern leare sa yn twa talen. De 7 pjutteboartersplakken fan de Stichting binne sertifisearre. Yn it eardere Lemsterland wurdt op in inkel pjutteboartersplak Frysk praat tsjin bern dy’t Frysk prate. Der wurdt net sasear wurke mei fêste metoaden. Doomijn, de nije útfierder fan it pjuttewurk yn fh. Lemsterland, is wol ree om yn gearwurking mei it SFBO mear omtinken oan it Frysk yn de pjutteboartersplakken te jaan. Yn fh. Skarsterlân wurdt op de pjutte- en berne-opfang fan SKIK al in protte omtinken oan it Frysk jûn. Dizze organisaasje fiert bewust meartaligens yn en wurdt derby stipe troch SFBO. Op 7 fan de 9 lokaasjes hat it sertifisearjen al west. Ek yn har personielsbelied hâldt SKIK rekken mei twataligens. Gearwurkje mei de bibleteek jout de pjutte-opfang mooglikheden om op ’e hichte te bliuwen fan Frysktalige boekjes, dy’t brûkt wurde kinne om foar te lêzen. b. Underwiis No’t de measte bern yn de pjutte-opfang it Frysk oanrikt krije, is it goed dat dit op de basisskoalle in ferfolch krijt. Benammen om’t meartaligens goed foar de taalûntwikkeling fan it bern is. Oer it generaal kin men sizze dat de skoalbestjoeren oan de (minimum) wetlike easken oangeande it Frysk foldogge. Útsein de trije skoallen der’t in hiel bewuste kar makke is foar meartaligens, is der in grut ferskaat oan hoe’t skoallen omgeane mei it Frysk. Gemeenten hawwe yn it ferline jild beskikber steld foar de ynfiering fan “Studio F” as taalmetoade Frysk yn it basisûnderwiis. De skoallen binne mei Studio F bekend. De skoallen fan CBO Meilân hawwe taalbelied, en wurkje mei de Fryske Taalrotonde as lesmetoade. Alle skoallen jouwe minimaal 1 oere Frysk yn ’e wike oan alle groepen. Der is in netwurk fan taalkoördinatoren. By de skoallen fan Nije Gaast wurdt faaks ‘folgjend’ it Frysk brûkt: praat in bern fan hûs út Frysk, dan praat de juf fan groep ien en twa Frysk mei it bern. Yn de hegere groepen wurdt it Nederlânsk de standert taal. Yn elke groep wurdt Frysk jûn. By de “Gearhing” skoallen wurdt oeral al Frysk jûn, it tal minuten yn ’e wike ferskilt per groep en net altyd wurdt dêrfoar in fêste metoade sa as ‘Studio F’ brûkt. By Primus wurdt op alle skoallen oandacht oan it Frysk jûn. Faaks brûkt men der ‘Studio F” as metoade. De 3 katolike skoallen fan de Bisschop Möllerstichting brûke foar it Frysk meastentiids ‘Studio F’ en oar Afûk-materiaal. Alle groepen krije Frysk. ’t Klimmerblêd hat foar de beukergroepen in Fryske middei. Meartalige skoallen De Lytse Mienskip (Haskerhoarne), De Stobbestjelp (Vegelinsoard), de Tarissing (Aldehaske) en It Twaspan (Terkaple) binne trijetalige skoallen. Foar trijetaligens is troch skoalle en âlders keazen, net allinnich om’t de measte bern Frysk prate, mar ek om’t út ûndersyk bliken dien hat, dat it goed is foar de resultaten fan it Nederlânsk en fan it Frysk. Ek it Ingelsk hat foardiel fan dy oanpak (Fryske Akademy 2006). It kolleezje wol om dy reden meartalighied yn it ûnderwiis stimuleare. Nije lesmetoade Studio F hat koartlyn it opfolger krigen: Spoar 8. Foar iut fuortset ûnderwiis is der de lessesearje Searje 36. Beide metoades slute oan by de digitalisearing fan it ûnderwiis. Gearwurking en stipe Gearwurking mei de bibleteek is foar de skoallen wichtich. Fia de skoalmediateken is in oantreklik oanbod fan foarlês, lês- en printeboeken beskikber. Sûnt 1 augustus 2014 hat de Provinsje it foech de kearndoelen foar it Frysk yn it ûnderwiis fêst te stellen en skoallen parsjeel ûntheffing te jaan. Dit belied is noch yn ûntwikkeling. De ynspeksje hâldt it tafersjoch. De Provinsje is ek drok mei it stâl jaan fan de trochgeande “Learline Meartaligens”. De provinsje wol der oer ek graach mei (it ûnderwiis
AI-uitleg op basis van de officiële wettekst. Indicatief, vervangt geen juridisch advies.