Subsydzjeregeling Frysk foar no en letterDeputearre Steaten fan Fryslân, mei it each op kêst 1.3, fjirde lid, fan de Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2013; oerwagende dat it yn it ramt fan it Taalplan Frysk 2030 winsklik is om de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis troch subsydzje fuort te sterkjen, sadat alle skoallen yn it Fryske taalgebiet de kearndoelen foar it Frysk uterlik yn 2030 oanbiede; BESLUTE: de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter as neikomt fêst te stellen: Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter Kêst1Begrypsbepalings Yn dizze regeling en de bepalings dy’t dêrop berêste, wurdt ferstien ûnder: Asv: Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2013; Awb: Algemene wet bestuursrecht; Fryske taal: it Frysk of in streektaal, dy’t yn Fryslân noch brûkt wurdt; ferfangen: it ferfangen fan in learkrêft, dosint, ûnderwiisstiper of al as net pedagogysk meiwurker foarskoalske opfang dy’t in skoallingsaktiviteit of opliedingsaktiviteit rjochte op de Fryske taal en kultuer of meartalige didaktyk folgje sil. Dat ferfangen bart troch it tydlik yn leantsjinst nimmen of ynhieren fan in ferfanger; frijroasterjen: in personielslid fan in skoalle tiid jaan om op ien of oare wize it Frysk ûnderwiis op syn/har skoalle struktureel te ferbetterjen, bygelyks troch it ûntwikkeljen fan materiaal, it ymplemintearjen fan it taalbeliedsplan, it dielnimmen oan kongressen, it ferfangen fan in learkrêft om in oplieding te folgjen, ensafuorthinne; hardware: oanwêzige ynboel yn in skoalgebou, lykas tafels, stuollen, kofjekopkes, pinnen, kompjûters, digibuorden, tablets, ensafuorthinne; kultueredukaasje: it yn groepsferbân doelbewust yn ’e kunde komme mei de Fryske taal, natuer, kultuer en skiednis yn of bûten skoalle; meiwurker: persoan dy’t by de rjochtsfoarm fan de oanfreger detasjearre is as payroller of útstjoerkrêft op basis fan respektyflik in payrolloerienkomst of útstjoeroerienkomst, en dêr wurk docht; opliedingsaktiviteit: it folgjen fan in foltiidske of dieltiidske oplieding rjochte op Fryske taal en kultuer of meartalige didaktyk oan de NHL Stenden Hogeschool of de Rijksuniversiteit Groningen mei it doel om dat mei in diploma ôf te sluten; saakkundich dosint: in troch de oplieding oanstelde dosint of in selsstandige dy’t yn it hannelsregister ynskreaun is ûnder 85592 of 85599; sertifisearre foarskoalske opfanglokaasje: lokaasje foar organisearre opfang foar bern yn de âldens fan 0-4 jier dy’t by Stifting Frysktalige Berne Opfang op syn minst yn nivo 3 fan it sertifisearringstrajekt sit om in twatalige opfang te wurden; skoallingsaktiviteit: aktiviteit dy’t oanbean wurdt troch in saakkundich dosint yn de foarm fan in training, seminar of kursus yn de Fryske taal of kultuer of meartalige didaktyk oars as de ûnder i. neamde opliedingsaktiviteit; skoallejier: de perioade van 1 augustus oant en mei 31 juli oanfolgjend lykas beskreaun yn de Wet op het primair onderwijs (WPO); skoallingsbewiis: in diploma, sertifikaat of bewiis fan dielnimmen dat nei it dielnimmen oan in oplieding, training, seminar of kursus jûn wurdt; ûnderwiisstiper: de wurknimmer dy’t taken útfiert, dy’t stypjend binne by de lessen en op it mêd fan learlingbegelieding, ûnder ferantwurdlikheid fan in learkrêft en dy’t de ûnderwiistarieding stipet; wurknimmer: persoan dy’t op basis fan in fêste of tydlike arbeidsoerienkomst arbeid ferrjochtet by de rjochtsfoarm fan de oanfreger en dêr lean foar kriget. Kêst2 Doel Mei dizze subsydzjeregeling wurdt it jaan en yntegrearjen fan de Fryske taal en kultuer yn de foarskoalske opfanglokaasjes en it ûnderwiis mei in folslein en kwalitatyf oanbod, wêrby’t it ûnderwiispersoniel it foech hat en betûft is om dat út te fieren, stimulearre. Kêst3 Oanfreger 1.Subsydzje kin oanfrege wurde troch in foechhawwend persoan, dy’t ferbûn is oan in yn de provinsje Fryslân fêstige: sertifisearre foarskoalske opfanglokaasje; skoallen yn it basisûnderwiis en spesjaal basisûnderwiis, lykas bepaald yn de Wet op it primêr ûnderwiis; skoallen yn it fuortset ûnderwiis, spesjaal ûnderwiis en praktykûnderwiis, lykas bepaald yn de Wet op it fuortset ûnderwiis; of skoallen yn it middelber of heger beropsûnderwiis of yn it wittenskiplik ûnderwiis, lykas bepaald yn de Wet op it heger en wittenskiplik ûnderwiis; of rjochtspersoanen dy’t lokaasjes of skoallen lykas bedoeld ûnder a oant en mei d fertsjinwurdigje. 2.Yn ôfwiking fan de eask fan in fêstigingslokaasje yn de provinsje Fryslân falle op Fryske taal en kultuer rjochte opliedings oan de Rijksuniversiteit Groningen ek ûnder it earste lid, ûnderdiel d. Kêst4 Oanfraach 1.In oanfraach foar in subsydzje wurdt binnen in troch Deputearre Steaten fêststelde oanfraachperioade ûntfongen. 2.De oanfraach wurdt mei it troch Deputearre Steaten fêststelde oanfraachformulier en alle ferplichte taheakken yntsjinne. 3.Deselde oanfreger kin foar de fêstigingslokaasje yn ien oanfraachperioade, lykas neamd yn it earste lid, op syn heechst ien kear de kategory as neamd yn kêst 7 yn it ramt fan dizze regeling subsydzje ûntfange. Kêst5 Ferdielsystematyk 1.Deputearre Steaten stelle in iepenstellingsbeslút fêst. 2.In iepenstellingsbeslút befettet op syn minst in oanfraachperioade en subsydzjeplafonds. 3.Deputearre Steaten kinne yn it iepenstellingsbeslút neiere regels stelle oangeande: it yntsjinjen fan in oanfraach. de rûnte fan subsydzjeûntfangers. de hichte of berjochtingswize fan de subsydzje. It skowen tusken de ferskate dielplafonds. 4.As in subsydzje-oanfraach noch net folslein is, jildt foar it fêststellen fan de ûnderlinge oardering foar de ferdieling fan it subsydzje de dei dat de subsydzje-oanfraach folslein is as datum fan ynkommen. 5.Driget op in dei dat der oer it subsydzjeplafond hinne gien wurdt, dan kriget de oardering fan de op dy dei ynkommen folsleine subsydzje-oanfragen troch lotsjen syn beslach. Kêst6Wegeringsgrûnen In subsydzje wurdt yn alle gefallen wegere foar safier’t; de oanfreger net yn de doelgroep fan de regeling falt; oan de lokaasje yn deselde oanfraachperioade, lykas yn kêst 4, earste lid neamd, al earder subsydzje takend is dat ûnder deselde kategory falt sa as beneamd yn kêst 7; de aktiviteit net foldocht oan ien of mear fan de hifkingskritearia dy’t beskreaun steane yn kêst 8; der terjochte reden bestiet dat de aktiviteit yn finansjele, organisatoaryske of technyske sin net te heljen is; in oanfraach bûten de oanfraachperioade, lykas neamd yn kêst 4, earste lid ûntfongen wurdt; of as de aktiviteit nei it oardiel fan Deputearre Steaten net genôch op it befoarderjen fan it oanbod Fryske taal en kultuer rjochte is. Kêst7 Subsidiabele aktiviteiten Deputearre Steaten kinne oan in oanfreger, lykas steld is yn kêst 3, in kostesubsydzje foar ien of mear fan de neikommende kategoryen beskikber stelle: it troch ien of mear meiwurkers of wurknimmers dielnimmen oan in skoallings- of opliedingsaktiviteit op it mêd fan de Fryske taal en kultuer of meartalige didaktyk mei it each op it fuortsterkjen of fergrutsjen fan de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis; it oanskaffen fan Frysktalige fysike of digitale lêsboeken, lesmetoaden of oar ûnderwiismateriaal, as dat nedich is om it Frysk in yntegraal plak yn it aktiviteite-oanbod te jaan; it dielnimmen yn organisearre groepsferbân oan in aktiviteit mei as eachmerk kultueredukaasje; It frijroasterjen en of ferfangen fan in wurknimmer of meiwurker om dizze persoan by steat te stellen in kursus of oplieding folgje te litten op it mêd fan de Fryske taal en kultuer of meartalige didaktyk mei it each op it fuortsterkjen of fergrutsjen fan de posysje fan it Frysk op de fêstigingslokaasje. Kêst8 Hifkingskritearia 1.Om foar in kostesubsydzje yn oanmerking te kommen foar in skoallings- of opliedingsaktiviteit lykas fêststeld yn kêst 7, oanhef, ûnderdiel a, wurdt foldien oan de neikommende kritearia: de skoallings- of opliedingsaktiviteit wurdt inkeld en allinne folge troch ien of meardere by de oanfreger wurkjende meiwurkers of wurknimmers; de oanfreger toant goedernôch oan dat der ferlet is fan it folgjen fan de skoallings- of opliedingsaktiviteit foar it ferbetterjen fan it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer of de meartalige didaktyk; de skoallings- of opliedingsaktiviteit wurdt troch in saakkundich dosint of een opliedinginstitút fersoarge; De skoallings- of opliedingsaktiviteit dy’t folge wurdt hat it doel om dat mei in skoallingsbewiis, diploma of sertifikaat ôf te sluten. 2.Om foar kostesubsydzje yn oanmerking te kommen foar it oanskaffen fan Frysktalige fysike of digitale lêsboeken, lesmetoaden of oar ûnderwiismateriaal as fêststeld yn kêst 7, oanhef, ûnderdiel b, wurdt troch de oanfreger foldwaande taljochte yn it ta te heakjen projektplan, dat de oan te skaffen nije lesmaterialen nedich binne foar it fersoargjen fan de ûnderwiistaak yn of oer it Frysk en noch net of noch net genôch oanwêzich binne. 3.Om foar kostesubsydzje yn oanmerking te kommen foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 7, oanhef, ûnderdiel c, is der sprake fan in organisearre aktiviteit kultueredukaasje yn groepsferbân dy’t diel útmakket fan of bydraacht oan it strukturele oanbod Frysk op de lokaasje. De oanfreger ljochtet dat foldwaande ta yn it ta te heakjen projektplan. 4.Om foar kostesubsydzje yn oanmerking te kommen foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 7, oanhef, ûnderdiel d, wurdt de meiwurker of wurknimmer ferfongen om in skoallingsaktiviteit of opliedingaktiviteit folgje te kinnen op it mêd fan de Fryske taal en kultuer of meartalige didaktyk of frijroastere foar wûrksaamheden mei it each op it fuortsterkjen of fergrutsjen fan de posysje fan it Frysk op de lokaasje, sadat de wurksumheden fan de meiwurker of wurknimmer net ûnderbrutsen wurde. Kêst9Subsidiabele kosten 1.Foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 7, oanhef, ûnderdiel a, komme foar subsydzje yn oanmerking, de kosten fan it dielnimmen oan in oplieding, training, seminar of kursus troch wurknimmers fan de rjochtsfoarm fan de oanfreger. 2.Foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 7, oanhef, ûnderdiel b, komme foar subsydzje yn oanmerking de kosten fan it oanskaffen fan fysike of digitale ûnderwiismetoaden, lêsboeken of oar ûnderwiismateriaal foar safier it foar it befoarderjen fan it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer brûkt wurde kin. 3.Foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 7, oanhef, ûnderdiel c, komme de streekrjochte kosten dy’t makke wurde by it dielnimmen oan in aktiviteit rjochte op kultueredukaasje yn of oer de Fryske taal en kultuer foar subsydzje yn oanmerking. 4.Foar kosten lykas neamd yn it earste, twadde of tredde lid dêr't ferplichtings foar oangien binne foar it ûntfangen fan de oanfraach, op syn heechst trije moannen foarôfgeand oan de iepenstelling lykas neamd yn kêst 4, earste lid, kin yn ôfwiking fan itjinge dat fêststeld is yn kêst 1.10, earste lid, oanhef en ûnderdiel h, fan de Algemene subsidieverordening 2013, subsydzje ferliend wurde. 5.Foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 7, oanhef, ûnderdiel d, komme foar subsydzje yn oanmerking, it tal oeren fan it frij te roasterjen personielslid dat brûkt wurde sil om it Frysk yn it ûnderwiis te ferbetterjen. Kêst10Net-subsidiabele kosten Unfermindere wat yn kêst 1.10 fan de Asv 2013 fêststeld is, komme de neikommende kosten net foar subsydzje yn oanmerking: reistiid, parkearkosten en brânstof by ynset fan eigen ferfier; de oanskaf fan hardware; de kosten dy’t ferbân hâlde mei festiviteiten, mar net daliks as doel hawwe it oanbod op it mêd fan de Fryske taal en kultuer te befoarderjen; omsetbelesting is allinne mar subsidiabel foar safier’t it troch de oanfreger net ferrekkene wurde kin. Kêst11Maksimale subsydzje en persintaazjes 1.Foar in aktiviteit, as fêststeld yn kêst 7, oanhef, ûnderdiel a 100% fan de subsidiabele kosten mei in maksimum fan € 5.000; 2.Foar in aktiviteit, as fêststeld yn kêst 7, oanhef, ûnderdiel b 100% fan de subsidiabele kosten mei in maksimum fan € 2.000; 3.Foar in aktiviteit, as fêststeld yn kêst 7, oanhef, ûnderdiel c, 100% fan de subsidiabele kosten mei in maksimum fan € 2.500 foar kulturele aktiviteiten, en in maksimum fan € 500 foar reiskosten; 4.It subsydzje bedraacht foar in aktiviteit, as fêststeld yn kêst 7, oanhef, ûnderdiel d, foar oanfregers lykas bedoeld yn kêst 3 foar: sertifisearre foarskoalske opfanglokaasje: € 20 it oere mei in maksimum fan € 2.000; skoallen yn it basisûnderwiis en spesjaal basisûnderwiis, fuortset ûnderwiis, spesjaal ûnderwiis en praktykûnderwiis: € 40 it oere mei in maksimum fan € 4.000; of middelber of heger beropsûnderwiis of yn it wittenskiplik ûnderwiis: € 50,- it oere mei in maksimum fan € 5.
AI-uitleg op basis van de officiële wettekst. Indicatief, vervangt geen juridisch advies.