Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taalDeputearre Steaten fan Fryslân, mei it each op kêst 1.3, tredde lid, fan de Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2022, beslute de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal fêst te stellen. Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal Kêst1 Begrypsbepalings Yn dizze regeling en de bepalings dy’t dêrop berêste, wurdt ferstien ûnder: Asv 2022: Algemene subsidieverordening provincie Fryslân 2022; Beliedsplan Fryske taal: in beliedsplan oangeande it gebrûk fan de Fryske taal as bedoeld yn kêst 5, twadde lid, fan de WGFT, fêststeld troch in yn Fryslân fêstige bestjoersorgaan dat net ta de sintrale oerheid heart; Desintrale oerheid: in gemeente, wetterskip of mienskiplike regeling; Digitale iepenbiere romte: websiden of oare digitale middels mei dêrop frij tagonklike ynformaasje; Fryske taal: de Fryske taal of in yn Fryslân sprutsen streektaal; Fysike iepenbiere romte: gebou, romte of plak yn ‘e iepen loft dat foar publyk tagonklik is, en net privee romte is; Meartalichheidskoördinator: De meartalichheidskoördinator is ûnôfhinklik en trunet de gemeenten oan it Frysk yn alle fasetten fan harren belied te brûken en fuort te sterkjen. De meartalichheidskoördinator hat de rol fan brêge tusken de oerheid en it taalfjild. Hy/sy siket ferbining mei organisaasjes yn de eigen gemeente op it mêd fan kultuer, ûnderwiis en it sosjale domein. De meartalichheidskoördinator lit dy organisaasjes de mearwearde fan it Frysk sjen en stipet harren by it yntegrearjen fan it Frysk yn harren wurk. Pinnefierder: in gemeente dy’t út namme fan oare gemeenten optreedt as fertsjintwurdiger en oanfreger fan in subsydzje; UAsv 2022: Uitvoeringsregeling Asv provincie Fryslân 2022; WGFT: Wet gebruik Friese taal, dy’t ynhâldt regels oangeande it brûken fan de Fryske taal yn it bestjoerlik ferkear en yn it rjochtsferkear. Kêst2 Doel It subsydzje hat as doel om de sichtberens en it brûken fan ’e Fryske taal yn it iepenbiere libben en ’e publike romte yn Fryslân te fergrutsjen. Kêst3 Subsidiabele aktiviteiten Subsydzje kin foar de neikommende aktiviteiten beskikber steld wurde: it útfieren fan aktiviteiten dy’t neamd binne yn of fuortkomme út it Beliedsplan Fryske taal, útsein it ynsetten fan meartalichheidskoördinatoaren; it ynsetten fan ûnôfhinklike meartalichheidskoördinatoaren by gemeenten; it pleatsen of publisearjen fan Fryske teksten yn ‘e fysike of digitale iepenbiere romte. It skriuwen fan boeken is yn dizze regeling net subsidiabel. Kêst4 Doelgroep 1.Subsydzje foar de aktiviteiten lykas bedoeld yn kêst 3, ûnder a, wurdt inkeld en allinne oan yn ’e provinsje Fryslân fêstige desintrale oerheid beskikber steld. 2.Subsydzje foar de aktiviteiten lykas bedoeld yn kêst 3, ûnder b, wurdt inkeld en allinne oan gemeenten in Fryslân beskikber steld. 3.Subsydzje foar de aktiviteiten lykas bedoeld yn kêst 3, ûnder c, wurdt inkeld en allinne oan in yn de provinsje Fryslân fêstige privaatrjochtlike rjochtspersoan, ienmanssaak of persoanefennoatskippen beskikber steld. net beskikber besteld oan Stichting Afûk. Kêst5 Iepenstellingsbeslút 1.Deputearre Steaten kinne iepenstellingsbesluten fêststelle. 2.It Iepenstellingsbeslút befettet yn alle gefallen in subsydzjeplafond en in oanfraachperioade. Kêst6 Oanfraach 1.In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne binnen de yn it iepenstellingsbeslút fêststelde oanfraachperioade. 2.In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch it brûken fan in oanfraachformulier dat troch Deputearre Steaten fêststeld is en foarsjoen fan alle bylagen dy’t dêryn ferplichte binne, te witten: In projektplan, mei dêryn in beskriuwing fan de aktiviteiten dêr't subsydzje foar oanfrege wurdt en in taljochting yn hoefier't de aktiviteiten foldogge oan de kritearia dy't yn kêst 8 neamd binne. In begrutting mei in oersjoch fan de kosten en opbringsten fan de aktiviteiten dêr't subsydzje foar frege wurdt, ynklusyf in ûnderbouwing dêrfan. Oanfragen foar subsydzje foar aktiviteiten lykas bedoeld yn kêst 3, ûnder c, befetsje dêrneist in skriftlike beoardieling fan de aktiviteiten troch de Afûk. 3.In oanfraach foar subsydzje foar aktiviteiten lykas bedoeld yn kêst 3, ûnder b, kin troch in gemeente, dy’t as pinnefierder út namme fan oare gemeentenhannelet, yntsjinne wurde. Kêst7 Ferdielsystematyk 1.Subsydzje wurdt ferparte yn folchoarder fan datum fan ynkommen fan ’e subsydzje-oanfragen. Dêrby jildt dat, de datum fan ynkommen, de datum is dat de oanfraach folslein is. 2.Foarsafier’t troch it beskikber stellen fan subsydzje foar folsleine oanfragen dy’t op deselde dei ynkommen binne, it subsydzjeplafond trochbrutsen wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld. Kêst8 Hifkingskritearia 1.Om foar in subsydzje foar de aktiviteit, as bedoeld yn kêst 3, ûnder a, yn ’e beneaming te kommen moat foldien wurde oan de neikommende kritearia: de oanfreger beskikt oer in fêststeld Beliedsplan Fryske taal; de aktiviteit is neamd yn, of yn oerienstimming mei, it ûnder a bedoelde Beliedsplan Fryske taal; de aktiviteit soarget oanwiisber foar in gruttere sichtberens of brûken fan it Frysk. 2.Om foar in subsydzje foar de aktiviteit, as bedoeld yn kêst 3, ûnder b, yn ‘e beneaming te kommen moat foldien wurde oan de neikommende kritearia: Eksterne ferbiner: De wurksumheden fan de meartalichheidskoördinator beheine harren net ta de muorren fan it gemeentehûs, mar de fokus leit ek op it fergrutsjen en fuortsterkjen fan de ferbining mei eksterne partijen. De meartalichheidskoördinator soarget derfoar dat relevante eksterne partners harren bewust binne fan de mearwearde fan it Frysk en de streektalen. De meartalichheidskoördinator bout oan in ekstern taalnetwurk en fungearret as in brêge tusken harren en de oerheid. Ek helpt in meartalichheidskoördinator eksterne partijen mei it opsetten fan aktiviteiten en it finen fan subsydzje(-kânsen). Ynterne ambassadeur en ferbiner: De meartalichheidskoördinator kreëarret ek draachflak foar de útfiering fan it taalbelied en soarget foar mear bewustwurding foar de taal yntern. De koördinator is in fraachbaak en tinkt mei de kollega’s mei oer hoe’t dy it Frysk yntegrearje kinne yn harren wurksumheden en belied. As ynterne ambassadeur en ferbiner soarget de meartalichheidskoördinator derfoar dat alle beliedsfjilden harren bewust binne fan de mearwearde fan it Frysk en dêrom de taal meinimme yn harren belied. Stiper fan belied: As spin yn ‘e gemeentlike organisaasje stipet in meartalichheidskoördinator de beliedsamtner by it soargjen foar in aktueel gemeentlik taalbelied en de útfiering dêrfan. De meartalichheidskoördinator is dêrmei in oanfolling op de beliedsamtner. De koördinator is op ‘e hichte fan it hjoeddeistige taalbelied (nasjonaal, provinsjaal en gemeentlik) en fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale talen en talen fan minderheden. Dêrneist is de koördinator ek op ‘e hichte fan ferplichtings fan de WGFT en sjocht mei de beliedsamtner hoe’t dy ferplichtings it bêste útfierd wurde kinne. As de oanfraach troch in pinnefierder yntsjinne wurdt, dan binne de ôfspraken tusken gemeenten yn in gearwurkingsoerienkomst, neffens it troch Deputearre Steaten beskikber stelde model gearwurkingsoerienkomst, fêstlein. De meartalichheidskoördinator wurdt ynset foar op syn minst 1 jier en op syn heechst foar in perioade dy ’t einiget op 31 desimber
AI-uitleg op basis van de officiële wettekst. Indicatief, vervangt geen juridisch advies.