Beslút ta fêststelling fan subsydzjeplafonds en iepenstellings fan de Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân, dy’t heart by it beslút fan Deputearre Steaten fan 9 desimber 2025Deputearre Steaten stelle foar de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân de neikommende subsydzjeplafonds en iepenstellings fêst: Paragraaf2.1Frysktalige literatuer Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 2.1.2 fan de regeling kinne fan 12 jannewaris 2026 oant en mei 9 oktober 2026 yntsjinne wurde. It subsydzjeplafond foar aktiviteiten lykas neamd kêst 2.1.2 fan de regeling is € 100.000,-, en jildt fan 12 jannewaris 2026 oant en mei 9 oktober
- De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 2.1.10 fan de regeling. Paragraaf2.2Oersetten en bewurkjen fan literatuer Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 2.2.2 fan de regeling kinne fan 19 jannewaris 2026 oant en mei 29 maaie 2026 en fan 17 augustus 2026 oant en mei 23 oktober 2026 yntsjinne wurde. It subsydzjeplafond foar aktiviteiten neamd yn kêst 2.2.2 fan de regeling dat jildt fan 19 jannewaris 2026 oant en mei 29 maaie 2026 is € 20.000,-, en dat jildt fan 17 augustus 2026 oant en mei 23 oktober 2026 is € 20.000,-. De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 2.2.9 fan de regeling. Paragraaf2.3Frysk Mediafûns [ferfallen] Paragraaf2.4Promoasje Frysktalige boeken Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 2.4.2 fan de regeling kinne fan 12 jannewaris 2026 oant en mei 9 oktober 2026 yntsjinne wurde. It subsydzjeplafond foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 2.4.2 fan de regeling is € 15.000,- en jildt fan 12 jannewaris 2026 oant en mei 9 oktober
- De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 2.4.11 fan de regeling. Paragraaf2.5Frysk taalgebrûk [ferfallen] Paragraaf2.6Utjaan Frysktalige literatuer Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 2.6.2 fan de regeling kinne fan 19 jannewaris 2026 oant en mei 29 maaie 2026 en fan 17 augustus 2026 oant en mei 23 oktober 2026 yntsjinne wurde. It subsydzjeplafond foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 2.6.2 fan de regeling dat jildt fan 19 jannewaris 2026 oant en mei 29 maaie 2026 is € 75.000,-, en it plafond dat jildt fan 17 augustus 2026 oant en mei 23 oktober 2026 is € 75.000,-. De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 2.6.9 fan de regeling. Paragraaf3.1Brûsfûns [ferfallen] Paragraaf3.2Leechdrompelige kulturele aktiviteiten Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 3.2.2 fan de regeling kinne fan 30 maart 2026 oant en mei 16 oktober 2026 yntsjinne wurde. It subsydzjeplafond foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 3.2.2 fan de regeling is € 20.000,- en jildt fan 30 maart 2026 oant en mei 16 oktober
- De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 3.2.9 fan de regeling. Paragraaf3.3Produksje profesjonele poadiumkeunsten en muzykkomposysjes [ferfallen] Paragraaf3.4Iepenloftspullen Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 3.4.2 fan de regeling kinne fan 2 febrewaris 2026 oant en mei 2 april 2026 yntsjinne wurde. It subsydzjeplafond foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 3.4.2 fan de regeling is € 102.600,- en jildt fan 2 febrewaris 2026 oant en mei 2 april
- De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 3.4.9 fan de regeling. Paragraaf3.5Utkeap teäter en muzyk [ferfallen] Paragraaf3.7Kulturele fernijing [ferfallen] Paragraaf4.1Meartaligens yn it ûnderwiis [ferfallen] Paragraaf4.2Lesoeren Frysk yn it ûnderwiis Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 4.2.2 fan de regeling kinne fan 1 april 2026 oant en mei 30 oktober 2026 yntsjinne wurde. It subsydzjeplafond foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 4.2.2 fan de regeling is € 200.000,- en jildt fan 1 april 2026 oant en mei 30 oktober
- De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 4.2.7 fan de regeling. Paragraaf5.1Grutskalige sporteveneminten Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 5.1.2 fan de regeling kinne fan 2 jannewaris 2026 oant en mei 30 oktober 2026 yntsjinne wurde. It subsydzjeplafond foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 5.1.2 fan de regeling is € 140.000,- en jildt fan 2 jannewaris 2026 oant en mei 30 oktober
- De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 5.1.8 fan de regeling. Paragraaf5.2Fryske sporten Oanfragen foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 5.2.2 fan de regeling kinne fan 2 jannewaris 2026 oant en mei 30 oktober 2026 yntsjinne wurde. It subsydzjeplafond foar aktiviteiten lykas neamd yn kêst 5.2.2 fan de regeling is € 110.000,- en jildt fan 2 jannewaris 2026 oant en mei 30 oktober
- De ferdieling fan de middels kriget syn beslach neffens kêst 5.2.8 fan de regeling. Dit beslút wurdt fan krêft mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal blad, dêr’t it yn pleatst is. Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 9 desimber 2025.Foarsitter drs. A.A.M. BrokSekretaris drs. ing. J.J. Algra